Auto's útbaarnd yn Drachten

Foto: Jilmer Postma, 112
Trije auto's yn de Eibertsbek yn Drachten binne yn de nacht fan sneon op snein folslein útbaarnd. Twa oaren rekken swier skansearre. De plysje krige om midsnacht hinne in melding fan in autobrân.
Doe't se oankamen wie it fjoer al oerslein nei oare auto's. De brânwacht wie gau te plak en koe mar krekt foarkomme dat der noch mear auto's yn flammen opgongen. De technyske resjerzje ûndersiket de brannen.