Nije havenoplieding yn Harns

16 aug 2009 - 13:14

Learlingen fan de maritime akademy yn Harns kinne har ynkoarten spesjalisearje yn de logistyk fan in haven. Fan septimber ôf set dêr de oplieding haven en ferfier útein. Oant no ta waard dy VMBO-stúdzjerjochting allinnich oanbean yn Rotterdam.

De direksje fan de maritime akademy hat trije jier oerlein mei it ministearje fan Underwiis om de oplieding nei Harns te heljen. Der is al in soad belangstelling foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)