Mooglik nije freoneklup Flyers

De Flyers yn aksje
IIshockeyklup de Flyers fan It Hearrenfean moat om it kampioenskip spylje. Om dat te berikken wol in groep supporters in ûnôfhinklike freoneklup oprjochtsje. De groep is ûntefreden oer de betizing dy't der de lêste tiid west hat om de Flyers hinne.
De freonen wolle har allinnich mar ynsette foar it earste team. As de spilers wat nedich ha, kinne se in berop dwaan op de nije freoneklup dy't dêr ûnder oare de kontribúsje foar ynsette wol.