Tûzenen sjogge boaten by Sail

16 aug 2009 - 09:46

De earste dei fan Sail Eastmahorn hat sneon sawat 5000 besikers lutsen. De organisaasje is hiel tefreden oer dat oantal. By Sail lizze der ferskate histoaryske skippen yn de haven. Fierder binne der demonstraasjes en muzikale optredens.

Sneon fearen de skippen earst yn konfoai nei de Skâns. Yn it ramt fan it 40-jierrich bestean fan de Lauwersmar wurde dizze hiele simmer aktiviteiten organisearre. Sail Eastmahorn is no foar de twadde kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)