Oldtimers: 15.000 minsken

16 aug 2009 - 09:41

De sande edysje fan de oldtimerdei yn it sintrum fan Drachten hat sneon neffens de organisaasje sawat 15.000 besikers lutsen. Yn it sintrum stiene 125 âlde auto's, trekkers, motors en bussen. Op it museumplein stie ek in âlde terskmasine. Fierder stiene dêr ek stasjonêre motors.

Om 16.00 oere waard noch in optocht mei de auto's, trekkers en bussen troch it doarp holden. De feriening fan winkellju yn Drachten wol takom jier wer in oldtimerdei hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)