Betinking op It Hearrenfean

16 aug 2009 - 09:38

Op It Hearrenfean is sneontejûn de jierlikse betinking holden fan de Japanske kapitulaasje en de befrijing fan Nederlânsk Ynje yn de Twadde Wrâldoarloch. By dy betinking waard ek offisjeel stilstien by de fiif Feansters dy't as militêr yn Ynje sneuvele binne. Har nammen stean op in tinkstien dy't 7 jier lyn pleatst is yn it plantsoen by it Gashoudersplein.

Yn har taspraak stie loko-boargemaster Van der Laan stil by dizze fergetten groep oarlochsslachtoffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)