Dokterswacht alert op gryp

De Dokterswacht set ekstra personiel yn fanwege de Meksikaanske gryp. Op It Hearrenfean sieten sneon in húsarts en assistintes om tillefoantsjes út hiel Fryslân wei op te nimmen. Der binne op dit stuit acht gefallen fan Meksikaanske Gryp yn 'e provinsje.
Mei acht gefallen is Fryslân de minst besmette provinsje. Ferline wike wie it drokker by de Dokterswacht, mar as de skoallen de kommende wiken wer begjinne wurdt in opleving ferwachte fan 'e sykte.