Ielrikkers benaud foar ferbod

15 aug 2009 - 15:17

Ielrikkers prate no al oer in oplossing, mocht it ielrikjen ferbean wurde. Op it kampioenskip ielrikjen fan Littenseradiel yn Baard waard der wakker praat oer in mooglik ferbod.

Wakker Dier wol ielrikjen ferbiede om't de iel op in grouwélige wize deamakke wurdt neffens de organisaasje. De iel komt foar it rikjen yn in pikelbad te lizzen. De slymlaach lit dan los en it bist giet dea. Wakker Dier is dêrop tsjin. Boppedat is der hieltyd minder iel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)