Konteners meislepe mei auto

15 aug 2009 - 14:42

Twa ynwenners fan De Lemmer binne oanhâlden op fertinking fan fernielen fan ôffalkonteners. Dat soene se dien hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei op 'e Lemmer, yn Wikel, Balk en Rûgehuzen. De konteners stiene oan 'e dyk. Se waarden troch de auto meisleept en dan loslitten. Dêrtroch ûntstie in ravaazje.

De plysje koe oan 'e hân fan de gegevens fan tsjûgen de manlju letter dy dei oanhâlde. Se hawwe beide proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)