Harnzer drankrider snipt

15 aug 2009 - 14:32

By in plysjekontrôle op de dyk tusken Sint Anne en Ljouwert is in 39-jierrige Harnzer sneon op de bon slingere foar rjochts ynheljen. Under it útskriuwen fan de bekeuring rûkten de plysjes in alkohollucht. Op it plysjeburo die bliken dat de man yndie tefolle dronken hie. Hy krige in rydferbod foar fiif oeren.

Om't er al earder pakt wie mei tefolle drank op, moat er meidwaan oan de kursus Edukative Maatregel Alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)