Jacht fêst by Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat sneontemoarn betiid in syljacht by de tonne Eilander Balg 12 weihelle. It jacht wie dêr oan de grûn rekke en koe net mear op eigen krêft loskomme. De rêdingsboat Edzard Jacob hat in line oan it jacht fêstmakke. Doe wie de boat frij gau los en koe er nei djipper wetter sleept wurde.
De fjouwer opfarrenden út Aduard koene fierder mei har tocht nei Lauwerseach.