Fries Popnet docht it goed

14 aug 2009 - 14:58

De gearwurking tusken ferskate poppoadia, popopliedings en Friesland Pop yn it Fries Popnet wurket goed. It Popnet hat de ôfrûne fjouwer jier 229 ekstra eveneminten organisearre, dy't sa'n 54.000 besikers lutsen. Dat docht bliken út de jiersifers oer 2008.

De dielnimmers oan it Popnet trede op, of se dogge mei oan in clinic of in masterclass op it mêd fan de popkultuer. Ek stipe Popnet Fryske popgroepen by it krijen of finansieren fan optredens bûten Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)