Wurkleazen wurkje yn WTC Hotel

14 aug 2009 - 12:24

Fiif Ljouwerter wurkleazen binne freed oan de slach gien as moarnsbrochje-meiwurker yn it nije WTC Hotel yn Ljouwert. It giet om minsken dy't yn de bijstân sitte en no útsjoch hawwe op in kontrakt.

De nije meiwurkers sille in jier oan de slach yn it hotel foar 32 oeren yn de wike. Dêrneist krije se in oplieding by it Friesland College as hoarekameiwurker. Se folgje dizze oplieding njonken harren wurk ien middei yn 'e wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)