Junokade:autorider bliuwt fêst

14 aug 2009 - 12:17

De Ljouwerter (20) dy't ein july belutsen wie by it deadlike ûngelok op de Junokade yn Ljouwert, bliuwt noch 30 dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten.

It wachtsjen is op de resultaten fan it bloedûndersyk om te sjen oft de man dronken hie. De man hie gjin rydbewiis omdat er earder mei drank op riden hie. De Ljouwerter bestjoerde de auto dêr't in motorrider (24) tsjinoan botste doe't er in wheely makke. De motorrider wie op slach dea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)