Friezen kritysk oer ûnderwiis

14 aug 2009 - 12:07

Ien op 'e tsien âlders yn Fryslân fynt dat de bern te min leare op de basisskoalle. Mei de âlders yn Grinslân binne sy dêrmei it minst tefreden oer de kwaliteit fan it basisûnderwiis. Dat docht bliken út it Nationaal Onderzoek Tevredenheid Onderwijsinstellingen fan it Platform Scholenonderzoek.nl ûnder 6500 âlders.

It ûndersyk lit ek sjen dat Fryslân de feilichste provinsje is om op skoalle te sitten. De measte bern kinne feilich sels nei skoalle fytse of rinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)