Te hurd ride: rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
Twa flugge automobilisten moatte it foarearst dwaan sûnder harren rydbewiis. In 24-jierrige ynwenner fan Garyp ried mei 159 kilometer yn 'e oere oer de N31, wêr't 100 kilometer de oere de maksimumsnelheid is.
In 32-jierrige bestjoerder fan Himmelum waard op de Sudergoawei by Koudum betrape mei in snelheid fan 157 kilometer op de teller. Ek dêr is 100 kilometer de oere it maksimum.