Trije winkeldieven oanhâlden

© Omrop Fryslân
Der binne tongersdei trije winkeldieven oanhâlden yn Ljouwert en Burgum. In frou (18) woe yn in winkel oan de Nijstêd útnaaie mei klean. Meiwurkers fan de winkel trapearren de frou en warskôgen de plysje. Op de Fruitstrjitte is in man oanhâlden dy't fleskes aftershave stellen hie. In tsjûge seach dat de man de doaskes ûnder syn klean ferstoppe.
Yn Burgum seach personiel fan in supermerk oan de Merke dat in frou (30) guod yn har tas ferstoppe.