Mishannelings yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der hawwe tongersdeitejûn twa gefallen fan mishanneling west yn Ljouwert. In 18-jierrige Ljouwerter is yn in diskoteek oan de Nijstêd mishannele troch trije manlju. De trije dieders naaiden út doe't de plysje der oan kaam.
In 19-jierrige ynwenner fan Stiens is oanhâlden nei't hy yn de Alde Doelesteech in 20-jierrige ynwenner fan Hasselt yn it gesicht slein hie. Wêrom't de man de klap krekt útdielde, is noch net bekend. Hy sit noch fêst.