Wârskôging foar oplichters

© Omrop Fryslân
De plysje warskôget foar oplichters dy't alderein pannen besiket te ferkeapjen. Se komme by minsken oan de doar mei de meidieling dat in winkel 100 jier bestiet en dat de bewenners in priis wûn ha. De minsken moatte dan wol foar 100 euro in panneset keapje.
De panneset is lykwols mar 40 euro wurdich. De man en frou hawwe oant no ta op 'e Jouwer dwaande west. Der binne in 79-jierrige en in 88-jierrige frou slachtoffer wurden fan de oplichters.