Huismanmuseum wol útwreidzje

It ynterieur fan it Jopie Huismanmuseum yn Warkum
It Jopie Huisman Museum yn Warkum hat plannen om fierder út te wreidzjen. It museum hat krekt in werynrjochting achter de rêch, mar hat dochs al wer nije plannen. Der wurdt no tocht oan it bebouwen fan 'e tún fan it museum.
Dêr soene dan films fertoand wurde kinne, of mear materiaal sjen litten wurde kinne, dat no net foar it publyk tagonklik is. It museum hat mei sa'n 50.000 besikers yn it jier net te kleien oer te min belangstelling, mar wol dochs fierder foarút.