Aksjekomitee tsjin gasboarings

14 aug 2009 - 08:39

In groep Amelanners dy't tsjin de plannen fan de NAM is om op it eilân gasboarings te dwaan, hat him feriene yn it aksjekomitee Amelands Tegengas. It komitee bestiet út bewenners en ûndernimmers. Doel fan it komitee is om objektive ynformaasje te jaan en in brede diskusje te hâlden.

De eilanners fine dat se oant no ta net goed ynformearre binne. Se binne bang dat de boarings skea oanrjochtsje sille oan it imago fan It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)