Regels foar boeren fersoepelje

© Omrop Fryslân
Yn it nasjonale lânskip de Noardlike Fryske Wâlden moat it foar boeren mooglik bliuwe om te buorkjen. Dat wolle de fiif gemeenten yn it gebiet. Se wolle mei de boeren, mar ek mei oare ynwenners fan de Wâlden, prate oer hoe't soks dien wurde kin.
Boeren yn in nasjonaal lânskip sitte faak fêst oan regels dy't har beheine yn it wurk. De gemeenten wolle dêr soepeler mei omgean, omdat de buorkerijen yn de Wâlden in wichtich ûnderdiel binne fan it lânskip.