Twa Friezen nei de Vuelta

13 aug 2009 - 21:08

Der dogge twa Fryske hurdfytsers mei oan de Ronde fan Spanje, dy't ein dizze moanne yn Assen begjint. It binne Pieter Weening fan De Harkema en Lieuwe Westra fan Mûnein. Se ride foar de Rabobank en Vancansoleil. De organisaasje fan de Vuelta hat tongersdei de dielnimmerslist bekend makke.

Lieuwe Westra docht foar it earst mei oan in grutte ronde. Pieter Weening ried twa kear de Vuelta en fjouwer kear de Tour de France.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)