Amelân wol fan Grins ôf

13 aug 2009 - 18:36

It is noch de fraach oft It Amelân nei takom jier wer shirtsponsor is fan FC Grins. De Stichting Ameland Promotie (SAP) hat dêr yn 2007 in ôfspraak oer makke foar trije jier. Dit seizoen is it lêste.

De gemeente betellet de helte fan it bedrach oan FC Grins, bedriuwen op It Amelân de oare helte. Mar de SAP hat de gemeente al om ekstra jild frege, omdat de bedriuwen net mei genôch oer de brêge kamen. Der is noch net in plan foar nei dit fuotbalseizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)