Noch gjin útspraak brânstifter

Brânstifter moat opnij ûndersocht wurde
De 43-jierrige Snitser dy't fertocht wurdt fan brânstifting yn trije flats yn Snits moat opnij psychologysk ûndersocht wurde. Dat wol de rjochter. Tongersdei soe útspraak dien wurde yn de saak, mar dat is opskood.
De brân yn de flats wie yn april fan dit jier en soarge foar in soad panyk en opskuor. Guon bewenners moasten mei heechwurkers fan har balkon helle wurde en woene dêrnei ek net mear yn har hûs wenje. Twa wike lyn waard seis jier sel easke tsjin de Snitser.