Ried lansearret goedfrysk.nl

13 aug 2009 - 15:36
  • De nije website Goedfrysk.nl jout taaladvys

De Ried fan de Fryske Beweging hat in nije hiemside yn de loft brocht mei de namme goedfrysk.nl. De side moat minsken stimulearje mear Frysk te skriuwen sûnder benaud te wêzen flaters te meitsjen.

In soad Friezen prate altyd Frysk en soene har ek graach skriftlik yn it Frysk uterje. Se doarre it faak net oan om't se dat net of amper leard hawwe. De Ried hat in tal minsken ree fûn om digitaal tastjoerde teksten fan maksimaal 1500 wurden nei te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)