Kij net dea troch faksin

© Omrop Fryslân
De dea fan fiif kij fan melkfeehâlder Cees van der Tol yn Heech hat neat te krijen mei it ynintsjen fan de bisten mei in faksin tsjin blautonge. Dat docht bliken út ûndersyk troch de Sûnenstsjinst foar Bisten.
By guon boeren ûntstie grutte twifel oer de feiligens fan it faksin om't koart neidat der yninte wie, kij deagien wiene. Wat de oarsaak wol is, is net bekend.