FLT Twizel fallyt ferklearre

13 aug 2009 - 13:54

Transportbedriuw FLT yn Twizel is troch de rjochtbank yn Den Haach fallyt ferklearre. Dat barde op fersyk fan it fakbûn FNV Bondgenoten út namme fan in sjauffeur. Dy hat noch 30.000 euro oan lean tegoede fan eigner Jouke Brander fan Burgum. Ek oare sjauffeurs hawwe noch jild tegoede. It soe gean om 120.000 euro.

De 15 minsken dy't foar Fresh wurkje, wurde troch it fallisemint ûntslein. De measte sjauffeurs sieten al thús fanwege minder opdrachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)