Kleastermoppen foar kapel

13 aug 2009 - 13:46
  • De kleastermoppen wurde oardere
  • It echtpear Damsma foar de kleastermoppemuorre yn de Friezetsjerke yn Rome

Under de namme Nijkleaster wurdt wurke oan in projekt om mei stiennen fan midsieuske Fryske tsjerken in nije betinkingskapel yn Fryslân te meitsjen. Yn Jirnsum waarden tongersdei âlde kleastermoppen fan Loadewyk Damsma útsocht. Damsma hat syn hiele libben nei stiennen út âlde kleasters en tsjerken yn Fryslân socht.

Yn 2001 woe hy yn de Friezetsjerke yn Rome mei dy stiennen in kapel foar de Friezen bouwe. It bleau by in muorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)