Ryksjild foar Fryske wentebou

13 aug 2009 - 12:00

Fryslân krijt hast oardel miljoen euro fan it Ryk foar ferskate wenningbou-projekten. It jild is bedoeld om de bou en dêrmei de wurkgelegenheid te stimulearjen. Ljouwert krijt 7 ton foar 104 wenningen. It giet ûnder oare om goed 50 huzen yn buertskip Techum en 40 apparteminten op it Saailân.

Achtkarspelen krijt 3 ton. Dat jild giet nei de bou fan appartemintekompleks Dalstrahiem yn Surhústerfean. Dêr komme 39 apparteminten yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)