Skea foar natuergebiet Flylân

13 aug 2009 - 11:28

It ôfsluten fan it natuergebiet op Flylân dêr't foksen omrinne, kostet ynformaasjesintrum De Noardwester tûzenen euro's. Steatsboskbehear hâldt gewoanwei altyd ekskurzjes troch it gebiet. De opbringst dêrfan giet nei it ynformaasjesintrum. Dat jild rint De Noardwester no mis.

Marc ter Ellen fan it sintrum hat by de plysje oanjefte dien. Hy wol de skea ferhelje op de minsken dy't de foksen útset hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)