'Hierpriis Saailân oanpasse'

13 aug 2009 - 07:28
  • Undernimmers lije ûnder bouwurksumheden Saailân

De PvdA-fraksje yn Ljouwert wol de ûndernimmers fan it Saailân stypje troch de hierpriis sakje te litten. Troch it bouwurk oan it nije Saailân komme der minder minsken nei it winkelsintrum en hawwe de ûndernimmers minder ynkomsten. Dêrmei is neffens de PvdA de ekonomyske wearde fan de winkels ek minder wurden en kinne de hieren dêrom tydlik nei ûnderen.

As it wurk klear is, kinne de hieren wer omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)