Cobi Boonstra mooglik fûn

Cobi Boonstra
Der sit mooglik skot yn de saak fan de 66-jierrige Cobi Boonstra út Aldeberkeap. Sy wurdt al sûnt april fan dit jier fermist yn Noarwegen. In pear wiken ferlyn is dêr in lichem fûn. Sawol de Fryske as de Noarske plysje tinkt dat it lichem mooglik fan frou Boonstra is. De frou gie op 20 april op fakânsje nei Noarwegen en boekte in hotel yn de buert fan Oslo.
In pear dagen nei oankomst ûntduts hotelpersoaniel dat se de keamer net brûkte, mar ek net útboekt hie.