Pietersma nei WK mountainbike

12 aug 2009 - 17:12

Mountainbiker Jelmer Pietersma fan Balk is troch bûnscoach Jan Weevers fan 'e KNWU selektearre foar it wrâldkampioenskip mountainbike maraton yn Eastenryk. It WK wurdt ferriden yn 'e omkriten fan Graz op snein 23 augustus.

Jelmer Pietersma (27) komt fan Balk, mar wennet yn it seizoen meastentiids yn it Limburchske Nuth, omdat er dêr better traine kin. Op it NK mountainbike yn july waard Jelmer Pietersma tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)