Friezen fier fan sikehûs

12 aug 2009 - 15:21

Fan alle Nederlanners wenje Friezen it fierst fan in sikehûs. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS. Yn trochsneed wenje Nederlanners op 5,3 km fan it sikehûs dat it tichtstby is, foar Friezen jildt in ôfstân fan 9 km.

It alderfierst fan in sikehûs wenje ynwenners fan Aasterein op Skylge. Sy moatte 44 km reizgje foar medyske behanneling. Op 'e fêste wâl sitte bewenners fan Bakhuzen op de grutste ôfstân fan in sikehûs; sa'n 30 km neffens it CBS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)