Doarpshûs G'kleaster:gjin jild

12 aug 2009 - 15:09

Doarpshûs Rehoboth yn Gerkeskleaster-Strobos krijt gjin jild fan Achtkarspelen foar de renovaasje. It kolleezje fan B. en W. hat in fersyk derfoar ôfwiisd.

De doarpshûsferiening wol tal fan ynvestearrings dwaan, mar neffens de gemeente falle dizze ynvestearrings net binnen de subsydzjeregeling. Neffens dy regeling kin allinnich jild jûn wurde foar bygelyks de ferfanging fan sintrale ferwaarming, de kezinen of it dak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)