Festival Flylân útferkocht

12 aug 2009 - 13:10

It earste Into the Great Wide Open muzykfestival op Flylân is folslein útferkocht. De kaartferkeap begûn begjin maaie en alle 4000 kaarten binne no al fuort. De organisaasje hie net ferwachte dat de kaartferkeap sa hurd gean soe en is bliid mei de entûsjaste reaksjes op it festival.

Op it festival dat fan 4 oant en mei 6 septimber hâlden wurdt, komme ûnder oare Johan, Lay Low, Emiliana Torrini, The Veils en út Fryslân Meindert Talma en One Trick Pony.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)