Jild nedich foar Alvestêderûte

12 aug 2009 - 12:14

Der moat foar 1 oktober noch 3,6 miljoen euro komme om de noardlike âlvestêderûte befarber te meitsjen. It jild moat benammen fan 'e provinsje en de gemeenten Ljouwerteradiel en it Bilt komme. Ek Ferwerderadiel, Tytsjerksteradiel, Menameradiel en Ljouwert moatte noch in bydrage jaan.

As it jild der net komt dan ferfalle oare wichtige subsydzjes en ûntstiet der in grut finansjeel gat. De rûte moat noch útdjippe wurde en der moatte ek slûzen komme by Wier en Alde Leie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)