Grypdrokte by dokterswacht

12 aug 2009 - 10:27

De dokterswacht set it kommende wykein ekstra minsken yn om alle ekstra tillefoantsjes oer de Meksikaanske gryp te ferwurkjen. Ofrûne sneon en de sneon dêrfoar kamen 20 persint mear fragen binnen. Foar takom wykein wurde in ekstra húsdokter en in pear assistenten ynset. Ek wurket de dokterswacht oan in kontinuiteitsplan, foar as in soad dokters siik wurde.

De dokterswacht ropt minsken op om foar fragen oer Meksikaanske gryp de website fan it RIVM te riedplachtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)