Rydferbod foar Snitser (22)

12 aug 2009 - 09:57

In autobestjoerder fan 22 jier út Snits hat tiisdeitenacht syn rydbewiis ynleverje moatten oan de plysje. Op de Blakendalwei waard de man sjoen. De plysje hie it idee dat de bestjoerder mei tefolle drank op efter it stjoer siet. Ut in azemanalyze dy bliken dat dit yndie it gefal wie.

Tsjin de Snitser is proses-ferbaal opmakke om't er yn july ek al ris foar itselde oanhâlden wie. De man hat ek in rydferbod fan sân oeren krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)