Man krijt klappen op 'e Weaze
In 30-jierrige Ljouwerter is tiisdei oanhâlden foar mishanneling. De man krige op de Weaze yn Ljouwert spul mei in 24-jierrige man út Ljouwert.
De 24-jierrige rekke dêrby ferwûne en is mei de sike-auto nei it sikehûs brocht. It is noch net dúdlik wat de oanlieding foar de mishanneling krekt west hat. De fertochte sit noch fêst.