Kassenberg wint yn Diever

12 aug 2009 - 09:40

Yvonne Kassenberg fan Burgum hat tiisdeitejûn de sechde Brinkloop yn it Drintse Diever op har namme skreaun. Kassenberg rûn de 10 kilometer yn 37 minuten en 25 tellen en dat wie in nij parkoersrekôr.

By de manlju wûn Douwe Nauta fan Ljouwert yn 35,15. Jannes Dijkstra fan Donkerbroek waard twadde yn 36,58. Op de 5 kilometer diene de Fryske hurdrinners it ek goed. Jappie Doller wûn by de manlju, Inge van Schaick by de froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)