Djoere tafels by Cambuurgala

Alex Pama: earste tritich tafels al ferkocht...
Dielnimmers oan it eksklusive Cambuurgala moatte flink ta de bûse, want in tafel kostet 1700 euro en in stoel om de 250 euro hinne.
Fuotbalklup Cambuur organiseart it gala dit jier foar it earst. De klup wol mei it evenemint jild ophelje foar de jeugdoplieding en ek foar Stichting KiKa, stichting kinderen kankervrij. Cambuur kaam op it idee omdat dit soarte fan gala's net faak hâlden wurde yn Fryslân. It gala is op 26 septimber yn it nije WTC Expo hotel.