Soad ingeltsjes op Skylge

Soad ingeltsjes op Skylge
Op Skylge sitte op dit stuit in soad ingeltsjes, lieveheersbeestjes. Troch it waarme waar komme de beestjes massaal nei it eilân ta. Benammen foar de minsken op it strân is dat ferfelend, want se bliuwe om de minsken hinne fleanen. Ek stekke se de minsken betiden.
Ferline wike wie it it slimst. Troch de rein fan de ôfrûne dagen nimt it oantal ingeltsjes wer wat ôf.