Lieuwe Westra: gjin NK

Lieuwe Westra (argyffoto)
Lieuwe Westra docht op tongersdei 27 augustus net mei oan it NK tiidriden yn Zaltbommel. De hurdfytser fan Mûnein makket in grutte kâns om twa dagen letter te begjinnen oan syn earste grutte ronde: De Ronde fan Spanje. It NK past net yn de tarieding op de Vuelta, dy't op sneon 29 augustus yn Assen begjint.
Westra, dit seizoen foar it earst beropshurdfytser by de ploech fan Vacansoleil, makke oant no ta yndruk as tiidrider.