Trekkers om Wolvegea hinne

11 aug 2009 - 20:58

Trekkers en oar lânbouferkear dy't fia de Pieter Stuyvesantwei Wolvegea yn wolle, hoege net mear troch it doarp. Se meie fan de gemeente Weststellingwerf tenei gewoan op de rûnwei bliuwe. Oant no ta moasten de trekkers fan de dyk ôf en in lytse kilometer troch it doarp hinne ride. Dêrnei mochten se de N351 wer op.

De gemeente hat de provinsje meardere kearen frege om dat te feroarjen. It wie gefaarlik om't op de rûte troch it doarp faak bern boartsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)