Beurtskip bestiet 100 jier

De Johanna Jacoba ûnderweis
It beurtskip Johanna Jacoba út Drylts fiert dizze simmer syn 100ste jierdei. Om it jubileum te fieren makket de Johanna Jacoba de selde reis as 100 jier lyn: Warkum - Boalsert en wer werom. De priis is ek fan de foarige ieu, want in inkele reis kostet twa dûbeltsjes.
Oare wike tiisdei fart de Johanna Jacoba tusken Heech en Langwar. Dy tocht is net sa lang en dus nóch goedkeaper. In inkelde reis kostet dan 10 sint en de fyts mei fergees mei.