Oerlis wetterpeil by froast

11 aug 2009 - 14:43

De Alvestêdeferiening wol mei Wetterskip Fryslân prate oer it loazen fan wetter yn froastperioaden. Neffens de Alvestêdeferiening moat it belang fan reedriders folle dúdliker yn byld brocht wurde. De ôfrûne winter ûntstiene gefaarlike situaasjes doe't it Wetterskip de sluzen by Dokkumer Nije Silen iepensette.

Troch it streamende wetter sliet it iis oan de ûnderkant ôf. Dêrtroch koe ûnder oaren de Lauwerstocht op it lêste momint net trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)