Provinsje heft swimferbod op

11 aug 2009 - 13:31
  • Op dit plak mei no wer swommen wurde....

Yn de Burgumermar by rekreaasjesintrum Klein Zwitserland en by de Kuilart ûnder Galamadammen mei wer swommen wurde. De provinsje hat it swimferbod dêr opheft. Earder waard op it plak blau-alch yn it wetter ûntdutsen.

Op oare plakken yn de provinsje jildt noch wol in swimferbod. It giet om de Burgumermar by Eastermar en de Leijen by De Rottefalle. Om swimmers en oare wettersporters te warskôgjen steane der buorden. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de kwaliteit fan it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)