Foto's 'Wad Naakt' stellen

11 aug 2009 - 13:21

Trije doeken fan de eksposysje Wad Naakt binne stellen, mar ek al wer weromfûn. It giet om in útstalling fan 20 foto's op de seedyk tusken Peazens-Moddergat en Lauwerseach. Der steane neakene froulju op. Yn it foar hat dêr diskusje oer west, mar de stellerij hat dêr wierskynlik net mei te krijen.

Neffens de keunstnaresse, Mijke Bos, giet it om in aksje fan in pear jongeren. Sy hiene de elastiken trochsnijd. De jongeren hawwe tasein dat se de foto's wer ophingje sille

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)